Sertifikaat foar twatalich wurkjen foar Bernedeiferbliuw De Brede School

Geplaatst: 07-03-2018 14:54|© Foto: Sjoeke Kampen

DE JOUWER - Op moandei 5 maart wie it feest by bernedeiferbliuw ‘De Brede School’ op ‘e Jouwer. It bernedeiferbliuw fan organisaasje SKIK wurket sûnt de hjerst fan 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dat is mei de bern fierd. Njonken it yn ûntfangst nimmen fan it sertifikaat ‘bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling’ hat Hinke Strien in muzykworkshop fersoarge en der wie foar alle bern en âlden in hapke en in drankje.

De Brede School en twatalichheid
De Brede School is in bernedeiferbliuw fan de organisaasje SKIK. SKIK biedt ûnder oaren berne-opfang en pjutte-opfang en der wurdt op al har lokaasjes mei in twatalich belied wurke. De Brede School is it twadde bernedeiferbliuw fan de organisaasje dy’t sertifisearre is foar har meartalich wurkjen. De pjuttelokaasjes binne al foar in grut part sertifisearre.

Op De Brede School wurket in tiim fan 7 pedagogysk meiwurkers. Guon prate Frysk en guon prate Nederlânsk. Der wurdt yn beide talen songen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Brede School west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De liedsters spylje goed yn op it ferlet fan de bern. De ien hat mear begelieding by it spul nedich as de oar en de liedsters ha der each foar. Je kinne goed merke dat de bern harren noflik fiele yn dizze groep. De liedsters binne op de eftergrûn oanwêzich en stimelearje it spul fan de pjutten. Der binne fêste ûnderdielen sa as sjongen, foarlêzen en mei inoar spultsjes dwaan. Je kinne merke dat de pjutten wend binne oan dizze aktiviteiten, dy’t ek wol brûkt wurde as oergongsritueel.’ En: ‘De liedsters kinne goed ynskatte wêr’t elts bern sit yn syn ûntwikkeling. It is moai om te sjen hoe’t de poppen op harren eigen wize kommunisearje. Troch te wizen, lûd te meitsjen, eachkontakt te sykjen, ensfh. De liedsters binne alert op dizze signalen.’

By it sertifisearringstrajekt krijt it bernedeiferbliuw begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 210 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Delen:Bron: SFBO
Gerelateerd:
Reacties

Er zijn nog geen reacties op dit bericht.

Om te reageren moet u ingelogd zijn. Login of registreer