Pjutteboartersplak De Lytse Westermar fan SKIK sertifisearre

Geplaatst: 16-06-2016 10:08|© Foto: JouwJoure.nl


JOURE - Op moandei 6 juny 2016 wie it feest op pjutteboartersplak De Lytse Westermar fan SKIK op ‘e Jouwer. Liedster Marieke Melein hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen. De lokaasje is ein 2014 útein setten mei it ynfieren fan in twatalich belied en hat dat trajekt koartlyn ôfrûne. Yn it ramt fan de sertifisearring wie it de hiele moarn feest op it boartersplak. Alle pjutten koenen komme en om’t it ek Fryske Foarlêswike wie, hat Djoeke fan de bibleteek in ferhaal foarlêzen mei de ferteljas oan.



Liedingjaande Simone Boxma hat in taspraak hâlden, wêryn’t sy ek oankundige hat dat de namme ‘De Lytse Westermar’ komt te ferfallen. It boartersplak moast ferhúzje en sit no by De Einepykjes yn, dy’t ek krekt mei in twatalich belied oan it wurk is. It pjutteboartersplak sil fierder ûnder de namme ‘De Einepykjes’.



 



Provinsjaal ûnderwiisbelied



De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 190 en is noch altyd groeiende.



Pjutteboartersplak De Lytse Westermar



Pjutteboartersplak De Lytse Westermar is ûnderdiel fan SKIK. Dat is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjuttewurk en berne-opfang yn gemeente De Fryske Marren oanbiedt. SKIK is aktyf dwaande mei twataligens, sy hawwe it as yntegraal ûnderdiel fan it VVE-belied opnommen.



Liedster Marieke is fan hûs út Nederlânsktalich, mar praat op it pjutteboartersplak konsekwint Frysk. Marieke: “Thús praat ik Nederlânsk, as ik nei myn wurk ta gean dan set ik ûnderweis bewust de knop om.” It Nederlânsk hat ek in fêst plak op De Lytse Westermar, pop Puk praat bygelyks Nederlânsk en der wurdt yn beide talen songen en foarlêzen.  


Delen:
Reacties

Er zijn nog geen reacties op dit bericht.

Om te reageren moet u ingelogd zijn. Login of registreer